De site voor en door ondernemers uit Ureterp

Nieuwsbericht

Toneel: “De man mei de hippe hoed”

Geplaatst op: 18 januari 2016

 “De man mei de hippe hoed”
Fan:  Harry van Veen       Oerset troch: Roel Klijnstra

De skoarstien fan in miljeufersmoargjende fabryk is read ferve. Ut protest fansels. De dieder hie by de aksje in hippe helblauwe hoed op. Yn it rekreaasjepark Gastfrij Gaasterlan fan frou Toets, is in helblauwe hoed sjoen. Troch Lotte, dy't as resepsjoniste by de toanbank yn de kantine wurket. Ien fan de gasten, Lapré, wol der mear fan witte. Hy is projektûntwikkelder en hat wol belang by it  ekreaasjepark. Tafallich is ek ien fan syn meiwurkers, Gert Bos ek yn it park. Hy hat ûnderweis de lease auto fan de saak yn de prak riden. Hy komt tafallich yn de kunde mei de eigner fan de hippe hoed. Hy kriget dy hoed, dy mei hy hâlde. Mar hy wol der wol wer fan ôf. Mar hy wit net, dat syn frou efter syn rech om in ofspraakje hat. Mei immen, dy t in hippe hoed draacht. In jogger wol in steancaravan oernimme. En dy hat ek ynienen in helblauwe hoed op. Wat der dan allegearre bart, is net te beskriuwen.

Us utfierings binne op:
Tongersdei     4 febrewaris     om 14:00 oere
Freed          5 febrewaris     om 20:00 oere
Sneon        6 febrewaris    om 20:00 oere
                      
yn MFC de Wier yn Oerterp      Sneon dȗnsjen nei
    
Kaarten yn de foarferkeap fanôf 11 jannewaris oan’t 3 febrewaris by
 “De Blommery” en “Dijk Tweewielers”
Tagongspriis  € 8,-, yn foarferkeap € 7,50                   

de_tipgever_ureterp.jpg mhv-ovu.jpg plaatselijk_belang_ureterp.jpg autobedrijf_boekema_ureterp.jpg hier_adverteren_ureterp.jpg kreaasje_adv_ovureterp_ureterp.jpg primera_ureterp_friesland_winkels.jpg